Trochdat it op kenigsdei te wiet wie op it fjild, koe de tradisjonele kening keats partij net troch gean. Dêrom KFE001-150x150hat Keatsferiening Easterwierrum besletten om dizze noch te keatsen en wol op snein 8 maaie. Omdat it fjild krekt nij is, is troch it bestjoer beslúten dat er tidens dizze earste partij allinich op sokken of bleate fuoten keatst wurde mei. Krekt as eartiids.

By genôch dielname sil der keatst wurde by de manlju en froulje in A en B klasse. Foar elkenien, keatser of net-keatser, is der gelegenheid ta it nuttigjen fan in drankje yn of by de Tysker.

It keatsen begjint om 10.30 oere.

Opjaan kin oant en mei sneon 7 maaie 16.00 oere by:

Astrid Miedema        058 2501211

Sjoerd Lantinga         06 29363059