10 augustus 1946

Ferslach oer de oprjochtingsgearkomste hâlden jûns 8 oere yn ‘e tabkeamer by H. Ligthart op 10 augustus 1946.

Yn Easterwierrum wienen altyd wol wat minsken, dy’t graach ris nei it keatsen seagen en wol wat, foar die wize fan sport fielden. Lykwols hienen wy hjir gjin keatsferiening, ek al om’t men gjin lân beskikber hat om te keatsen. Dôchs weard er wol ris oer praat, dat wy mar in klup oprjochtsje moasten, mar der ta komme die men net. Wol wienen er al is stik of 20 al grute, skoalle jonges, die ‘t mar geregeld al ris keatsten. Do kaam it plan op, om op in sneon te middei in keatspartij te hâlden, dêr’t elk oan mei dwaan koe. Der wie wol belangstelling far, dus fol ferlet fan in keatsferiening, dat fielde men mar al te goed. Ûnder it keatsen weard dan ek mar ôfpraat, dat er jûns 8 oere in fergadering hâlden wurde soe, om ta it oprjochtsjen fan in feriening te kommen. Ús ûnderwizer Master Durk Hoekstra, in grut foarstander fan it keatsen, soe der fan de lieding op him nimme. De jûns 8 oere wienen er dan ek al mannich keatsers by elkoar en de stimming fan dy middei siet er mar moai knap yn. Master Hoekstra hjitte de oanwêzigen dan ek hertlik wolkom en betsjutte yn it koart it nut fan in keatsferiening. Do weard al gau in foarlopich bestjoer gearstalt, wa’t bygelyks de funkties waarnimme soenen.

Dit wine: D. Hoekstra, foarsitter, Tj. Hoekstra, skriuwer, H. Zoethout, skathâlder, Joh. Hoekstra en D. Altenburg.

Do siet men fuortdaliks mei, it oefenfjild te hâlden, mar der soe it bestjoer syn bêst foar dwaan.

Der wienen 26 oanwêzigen, dy’t harren allegearre as lid opjoegen. Der soenen sa folle as’t mooglik wie, lean opskarrele wurde. De kontribúsje weard fêst steld op ƒ 1,50. Ek soe der om sjoen wurde nei wat materiaal, mat dat wie er noch tige krap, mar keatsballen measten er dôchs komme, der soe ek it bestjoer foar soargje.

Master Hoekstra bedanke alle oanwêzigen foar de opkomst en meiwurking en slute dizze gesellige gearkomste.

Namens,

De skriuwer Tj. Hoekstra

Keatsferiening Easterwierrum

10 augustus 1946